Autobrân tsjinoer Sint-Bonifatiustsjerke yn Ljouwert

24 okt 2019 - 21:47

Tsjinoer de Sint-Bonifatiustsjerke yn Ljouwert rekke tongersdeitejûn om njoggen oere hinne in auto yn de brân dy't flak neist in wenning stie. De brânwacht fan Ljouwert is nei it Bonifatiusplein riden en hat it fjoer útmakke. De folsleine foarkant fan de auto is ferwoaste.

Foto: CAMJO media / Robert Jan Boonstra

De brânwacht koe lykwols foarkomme dat der in soad skea oan it hûs ûntstie. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)