Slogan foar Songfestival 2020 komt Jacco de Boer fan IepenUP bekend foar

24 okt 2019 - 21:39

De slogan foar it Eurovisie Songfestival 2020 is tongersdei bekend makke: 'Open Up.' Dat kaam ien persoan wol hiel bekend foar, nammentlik ús eigen Jacco de Boer dy't it programma IepenUP Live presintearret dat by Omrop Fryslân te sjen is. "Ik seach dat sy der ek noch mei tsientallen minsken út de kulturele sektor oer sprutsen hawwe, yn workshops. Mar ja, ien telefoantsje nei de Omrop hie ek genôch west," laket Jacco de Boer.

Jacco de Boer fan IepenUP - Foto: Omrop Fryslân

"Miskien hawwe wy se ûnbewust ynspirearre, ik wit it net," laket De Boer. "Fryslân leads the way for Europe. Omrop Fryslân: 12 points!"

De programmanamme IepenUP is neffens Jacco betocht troch mar trije minsken, op ien middei. "Sy sille it wie wol sels betocht hawwe en ik fyn it allinnich mar moai dat minsken dizze kant op geane. Want ik tink dat it wol tiid is dat wy wer gewoan mei inoar prate en iepen steane foar inoar en net mear op ynternet op inoar sitte te skellen. Dat lêste dêr komme je net fierder mei."

In komplimint

Is it gjin plagiaat? "Dat is in komplimint, as ien jo neidwaan wol. De minsken by de NPO sille sizze dat sy it selsstannich betocht hawwe en noch nea fan ús heard hawwe. Dêr moatte wy it mar op hâlde. Mar it is wol moai dat wy mei dit idee yn Fryslân al gewoan twa jier earder wiene yn Hilversum, dat mocht ek wolris in kear!"

Telefoan wyld

De Boer wie wol ferrast troch de bekendmakking. "Ik rôle fan de bank fan de ûngefear 80 berjochtsjes dy't it no hân haw. Ik wie de bern op bêd oan it bringen en ynienen giet myn telefoan wyld. Ik tink: wat is dit. Eltsenien sei: it tema Songfestival wurdt Open Up! IepenUP, dat hawwe sy fan jimme."

De organisaasje fan it Songfestival makke bekend dat 'Open Up' stiet foar wêr't Nederlân ek foar stean wol: mei in iepen blik nei de wrâld sjen, mei respekt foar inoar. Jacco de Boer sjocht dat wol werom. "Wy Friezen moatte ek altyd wol mei oare minsken om geane, bûten ús eigen kunde. Wy wenje yn lytse doarpen en móatte wol wat mei-inoar te krijen hawwe."

Jacco de Boer fan IepenUP

(advertinsje)
(advertinsje)