Sjoerd Galema fan VNO-NCW: bedriuw krijt mes op de kiel troch stikstofkrisis

24 okt 2019 - 21:00

Sjoerd Galema, foarsitter fan ûndernimmers-organisaasje VNO-NCW Fryslân, fynt dat de oerheid net goed dwaande is mei de saneamde stikstofkrisis. "Skandalich dat troch dizze omstannichheden it Fryske bedriuwslibben yn ien kear op slot komt te sitten." Neffens him leit it oan de strange noarmen dy't Nederlân himsels opleit en mei der ek wolris nei it fersmoargjende bûtenlân sjoen wurde.

Foarsitter Sjoerd Galema fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW - Foto: Omrop Fryslân

"Dit probleem, dit spilet yn East-Europa totaal net. Ik kom noch wolris yn Ruslân, der hawwe sy noch noait fan CO2 heard. Dêr is it ien grutte miljeubinde en dat waait ek hjir de grins oer. Der wurdt mei twa maten metten. Us bedriuwslibben wurdt mei de regeljouwing in soad skea tabrocht," fynt Galema fan de kwestje.

"Ik fyn dat de Ryksoerheid hjir mei om sit te 'pankoekjen'," sa seit Galema. "Fan dat hiele PFAS-dossier is eins sûnt de simmer noch mar goed helder wurden wat wy dermei moatte en kinne. Mar wat de regeljouwing oanbelanget set it no al ús lân op slot. Eins allinne mar om't de deteksjemetoaden better wurden binne. It leit no in soad grutte projekten as fêstgoed-ûntwikkeling en baggerjen stil. Dat kin noait de bedoeling wêze."

Hy is net posityf oer it Ryk. "Ik fyn it hartstikke slop. It is ferdiel en hearsk. Sy smite it probleem oer it sket by it bedriuwslibben, sûnder sels mei goede alternativen te kommen. Sa wurde sektoaren tsjin inoar opsetten."

Galema: te strange noarmen

Galema is it net iens mei de noarmen dy't Nederlân hantearret: "Se fersomje nei de boarne fan it probleem te sjen en foar in part sit dat ek yn de strange noarmen dy't Nederlân himsels oplein mei Natura2000 gebieten. Dan wurdt der nei Europa wiisd dat dy net rommere noarmen oan Nederlân jaan sil, wylst dy yn Dútslân wol rommer binne. Dan tink ik: binne wy der no foar Europa of Euroa foar ús?"

Dêrom soene de noarmen feroare wurde moatte, as it oan him leit. "Ik fyn dat de oerheid de grutte broek oanlûke moat, nei Europa moat en romte sykje moat om bygelyks de noarm fan Dútslân ek yn Nederlân ta te passen. Mei bedriuwslibben binne prima ôfspraken te meitsjen om op temyn better te wurden. Wy stjitte in soad út, want wy binne in tichtbefolke lân," seit Galema.

'It mes op de kiel'

"Op lange termyn is it bedriuwslibben de earste om te sizzen dat wy op it mêd fan natuer en miljeu meters meitsje moatte," jout Galema ta. "Mar ast sjochst wat der de ôfrune jierren bard is, fan 2015 ôf is de útstjit fan CO2-skealike stoffen al mei de helte omleech gien. En no it mes op de kiel by al dy bedriuwen, dat liket nearne op."

Neffens him spilet it probleem al in skoft. "It probleem is net sa aktueel, dat is der al 25 jier. En yn dy tiid hat it bedriuwslibben in soad dien om de skealike útsjit fan CO2, ammoniak en stikstofoxide werom te bringen. No komt it mes op de kiel en wurdt der gjin boufergunning mear ofjûn."

Galema: "Ik fyn it wol hertferwaarmjend hoe't sektoaren inoar opsykje en dat sy net spul wolle. Om in hûs te bouwen en dan romte by in mkb-bedriuw of in boer wei te heljen: dat is fan de gekke. Sa fier hie it noait komme moatten."

Sjoerd Galema fan ûndernimmingsorganisaasje VNO-NCW

De stikstofproblematyk is in yngewikkeld ûnderwerp, dêr't net eltsenien it oer iens is. Besjoch dêrom ek in ferhaal fan earder tongersdei oer natuer fersus ekonomy. Neffens Arjen Kok fan Natuurmonumenten hat de natuer ek ekonomysk sjoen in grutte wearde, en moat der ek dêrom goed om tocht wurde dat stikstof net te folle ynfloed krijt op it miljeu.

(advertinsje)
(advertinsje)