Stroomsteuring by Goaiïngea, Loaiïngea en Skearnegoutum wer oplost

24 okt 2019 - 20:12

Yn de doarpen Goaiïngea, Loaiïngea en Skearnegoutum wie tongersdei sûnt tsien foar sânen in stroomsteuring by enerzjyleveransier Liander. De oarsaak is noch net bekend, mar om tsien oer achten wie de steuring wer oer. It soe gean om sa'n 1.000 húshâldingen dy't te krijen hiene mei de steuring. Liander betsjûget spyt foar it ûngemak.

Foto: ANP

Spesifyk soe it gean om dizze stritten: De Boppeslach, de Zwettewei, de Trekdyk, de Waldastrjitte, de Marten de Jongstrjitte, de Fleardyk, de Legedyk, de Pasfeardyk en de Ds. S. Huismansleane.

Earder op de dei hie Liander ek al te krijen mei in stroomsteuring by Nij beets en De Feanhoop, dêr gie it om sa'n 164 húshâldingen.

(advertinsje)
(advertinsje)