Trochgeande dyk yn Tytsjerk in moanne ôfsletten

24 okt 2019 - 19:57

De trochgeande dyk troch Tytsjerk hinne is oan ûnderhâld ta, dêrom is de Buorren troch de beboude kom in moanne lang ticht. Dat betsjut dat it ferkear tusken 28 oktober en 29 novimber omride moat. Fytsers en fuotgongers kinne noch oer de stoepe.

Tytsjerk - Foto: Google Street View

Hjoed-de-dei is de dyk makke fan asfalt mei bestrjitting, mar dat wurdt no feroare yn folslein asfalt. Dy kar is makke yn oerlis mei it doarpsbelang. It wie nammentlik sa dat der lûdsoerlêst en trillingen wiene troch de oergong fan de ferkate ferhurdingen. Ek sille der no op in tal plakken goaten by it asfalt dellein wurde sa't wetter better fuort komme kin.

Oanwenners kinne in skoft net mei harren auto by it hûs komme, sy wurde troch de oannimmer ynformearre. It wurk wurdt dien troch Oosterhof Holman Infra fan Grijpskerk. Ein oktober wurdt úteinsetn mei it fuortheljen fan de hjoeddeiske bestrjitting fan de drompel by de tsjerke oant krúspunt De Jister.

Trefwurden: 
wurksumheden Tytsjerk dyk
(advertinsje)
(advertinsje)