Acht studintefilms yn premjêre op Noordelijk Film Festival

Acht studinten ha films makke dy't yn premjêre geane op it Noordelijk Film Festival yn Ljouwert. Yn de films steane de persoanlike ferhalen fan de studinten sintraal. De films hearre by it edukaasjeprojekt Look@me x mbo.
© Bouba Dola
Dat projekt is in gearwurking tusken MovieZone (Eye Filmmuseum), Kunstkade, D'Drive Leeuwarden, Mediacollege Amsterdam en it Noordelijk Film Festival. Sa'n hûndert studinten fan Mediacollege Amsterdam en D'Drive Ljouwert ha workshops en masterclasses folge fan profesjonele filmmakkers Johanneke Dijkstra (fiksje), Bouba Dola (fideokeunst), Sam Yazdanpanna (animaasje), Beri Shalmashi en Ilona Vergonet (dokumintêre).

Acht sterkste senario's

De studinten presintearren filmideeën oan elkoar, basearre op harren persoanlike libbens. Se makken in kar út de acht sterkste senario's en dy acht studinten ferfilmen harren ferhalen yn fjouwer filmsjenres ûnder begelieding fan de filmmakkers. De oare studinten giene oan 'e slach mei 'one-minutes' filmkes. By de premjêre yn De Harmonie wurde ek de koarte filmkes fertoand.
It Noordelijk Film Festival fynt plak fan 6 oant en mei 10 novimber. De premjêre fan de films fynt plak op 8 novimber tusken 14.00 en 16.00 oere yn Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert.