Fytsersbûn Fryslân net wiis mei djoerdere NS-treinkaarten foar fytsen

24 okt 2019 - 19:40

It wie in opmerklik berjocht: in fytskaartsje foar de trein wurdt op 'e nij djoerder makke troch de NS. It Fytsersbûn Fryslân is net wiis mei de ferheging fan de priis. It is al de twadde kear dat de priis omheech giet. "We krijgen er wel enige argwaan door. Vorig jaar ging het van 6,20 naar 6,90 euro, dat is meer dan 10 procent. Nu van 6,90 naar 7,50 euro, dat zijn wel buitensporig hoge prijsstijgingen," seit Kees Maurits fan it Fytsersbûn.

Treinperron yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

NS seit dat it komt om't fytse op de Waadeilannen populêr wurdt: der soene tusken Ljouwert en Zwolle langere reinen ride moatte yn de simmer. Net fanwege it tal reizgers, mar fanwege it tal fytsen dat nei Harns moat foar de boat nei Flylân of Skylge.

Unevenredich

Neffens Maurits fan it Fytsersbûn Fryslân is dat tige frjemd. "Wij vinden het eigenlijk een merkwaardig besluit, zeker ook gezien het feit dat het om de Waddeneilanden zou gaan. Dat is één bestemming in het hele land, en dan zou je voor alle fietsers het hele jaar duur de prijs veel duurder maken. Dat lijkt onevenredig en ongeloofwaardig. Het lijkt er eerder op dat de NS fietsen steeds meer wil weren uit de trein."

Eins posityf

Dat soe neffens him eins net moatte. "Eigenlijk zou je het juist positief moeten benaderen. Dat veel mensen op de fiets op vakantie willen of willen recreëren en dat willen combineren met het ov. Mensen willen in beweging komen, dat is mooi. Maar ook het belang voor de economie, wat de wandel- en fietsrecreatie betreft. Je zou deze vorm van duurzaam toerisme kunnen stimuleren," jout hy oan.

Foarbyld oan Arriva

NS soe in foarbyld nimme moatte oan de oare Fryske ferfierder, Arriva. Dat tinkt Maurits alteast. "Arriva bouwt ieder jaar treinen om zodat er meer fietsen meekunnen. Arriva is de leverancier van Leeuwarden naar Harlingen. Wij zeggen dat de NS eigenlijk ook naar zo'n oplossing toe moet: dat ze in het hoogseizoen coupés om kunnen bouwen voor fietsen, zodat er binnen de bestaande treinstellen meer fietsen meekunnen. Ook in Duitsland gebeurt zo'n ombouw regelmatig," seit hy.

Maurits: "Dat stelt misschien wel wat eisen aan het type treinstel dat je laat bouwen." Mar it soe neffens him wol de oplossing wêze as it echt sa is. Oant dy tiid bliuwt it Fytsersbûn yn petear mei NS. "We zijn constant in gesprek, ook met het LOCAV, het Landelijke Overleg Consumentenbelangen Openbaar Vervoer. Dat overleg loopt wel, maar de NS heeft toch anders beslist."

Kees Maurits fan it Fytsersbûn Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)