Ald-trainer René Hake priizget Cambuur: "Een van de kampioenskandidaten"

24 okt 2019 - 18:45

It liket in wedstriid as alle oaren: it duel tusken Jong FC Utrecht en SC Cambuur freed. Mar dat is it net foar ien man: René Hake. Hy wie oant dizze simmer trainer by de Ljouwerters, mar stiet no oan it roer by Jong FC Utrecht. Der is in soad feroare mei de perioade dat Hake der trainer wie, konstatearret de Drint. Hy sjocht Cambuur no as ien fan de kampioenskandidaten.

Foto: Orange Pictures

"Fris draaiend elftal"

Hake wie oardel jier haadtrainer by Cambuur, fan jannewaris 2018 oant en mei ôfrûne simmer. No moetet er dy klup dus foar it earst as coach fan de tsjinstanner. Is dat bysûnder? "Ja en nee. Ja, omdat een oud-werkgever altijd wel anders is dan wanneer je tegen een club speelt waar je niet gewerkt hebt. En nee omdat het gewoon onderdeel is van de competitie en je daarin twee keer tegen Cambuur speelt."

De Ljouwerters steane op it stuit boppe-oan yn de earste difyzje. Dat dogge se mei goed spul, konstatearret ek Hake. "Het is een fris draaiend elftal dat zeker in thuiswedstrijden veel scoort en dus het publiek vermaakt. Dat hebben ze heel goed gedaan tot nu toe. Daarmee verdienen ze het ook om nu de ranglijst aan te voeren."

It duel tusken beide ploegen wurdt foar Jong FC Utrecht in moai mjitmomint. Oare kampioenskandidaten as NAC Breda en De Graafschap koene net winne fan de ploech út 'e Domstêd. "We hoeven niet te kijken naar de onderkant, maar we staan nu op een positie dat we kunnen kijken hoe we ons verhouden tot een kampioenskandidaat. Want ik denk dat we Cambuur, zoals het nu presteert, daar wel toe kunnen rekenen."

Ald-Cambuur-trainer René Hake

Gjin frustraasje

It ferskil tusken Cambuur ûnder lieding fan Henk de Jong en Cambuur ûnder lieding fan René Hake is grut. Mar dat leit ek foar in part oan finansjele redenen. Ofrûne simmer wie der in soad ekstra jild beskikber om spilers binnen te heljen. In net te ferlykjen situaasje, neffens Hake: "Er staan veel andere spelers op het veld, dus dan is de uitvoering en de manier van spelen ook anders. Er is genoeg veranderd, in alle opzichten. Het type spelers en de kwaliteit van de spelers is anders dan waar ik mee heb kunnen werken. Daarin hebben ze goede stappen gemaakt. Dat zie je nu ook terug."

De Jong FC Utrecht-coach is net frustrearre dat der no folle mear mooglikheden binne by Cambuur. "Nee, er is helemaal geen frustratie. De situatie was zoals 'ie was. Dit soort dingen waren in mijn tijd al onderdeel van het gesprek, alleen het was de vraag hoe gauw dit soort dingen bewerkstelligd kon worden. Daar had je op gehoopt dat het in je eigen periode had gekund. Dan had je misschien andere stappen kunnen maken en Cambuur op een andere manier kunnen presenteren. Maar de praktijk laat zich altijd inhalen door de plannen. Dat is een feit en als dat zo is, moet je er niet al te moeilijk over doen. Dat is de praktijk van de voetbalwereld."

René Hake yn syn tiid as trainer fan SC Cambuur - Foto: Orange Pictures

Goed nei it sin

Op dit stuit hat René Hake it goed nei it sin yn Utrecht. Hy docht it goed mei syn ploech, want Jong FC Utrecht stiet sechde yn de Keuken Kampioen Divisie. Boppedat waard der oant ôfrûne moandei twa moannen net ferlern én wûn hy in priis as bêste trainer fan de earste perioade.

"Het is het doel geweest om dingen te veranderen wat ten goede komt aan de prestaties. Ik heb binnen de club de vrijheid gekregen om daaraan te werken. We zijn meer gaan trainen en anders gaan trainen. Maar, we zitten pas op een derde van de competitie. Hopelijk krijgt het een goed gevolg met als belangrijkste dat jongens doorstromen naar het eerste elftal", fertelt Hake oer syn doelstelling. Want as trainer fan in belofteploech bliuwt dat it haaddoel: spilers ôfleverje oan it earste alvetal.

SC Cambuur spilet freedtejûn om 20.00 oere de útwedstriid tsjin Jong FC Utrecht, dêr't âld-Cambuur-trainer René Hake no coach is. It duel is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Ferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar fan Sportpark Zoudenbalch yn Utrecht ôf. Sneon yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting fan it duel.

(advertinsje)
(advertinsje)