Gif-tentoanstelling yn Natuurmuseum Fryslân: spinnen, kikkerts en slangen

24 okt 2019 - 18:26

De hjerstfakânsje betsjut foar Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert: drokte. Neffens direkteur Ton van Slooten hawwe der al goed 3.000 minsken west dy't it museum besocht hawwe en is it de oanrin foar takom jier, dan moat der in grutte tentoanstelling komme oer: gif.

In fergiftige kikkert - Foto: ANP

"In 2020 hebben we een grote blockbuster-tentoonstelling die zal gaan over gif. We gaan levende, giftige dieren laten zien in het Natuurmuseum. Kikkers, spinnen, alles wat met gif te maken heeft komt op het netvlies," ferklapt direkteur Ton van Slooten.

It hat gâns fuotten yn 'e ierde, want fergiftige bisten moatte wol goed fêst sitte. "Er is een Spaans bedrijf dat ons de dieren aanlevert, zij maken prachtige vitrines waar de dieren achter zitten zodat we ze goed kunnen bekijken. Dus het zit ook goed in elkaar wat de veiligheid betreft," seit hy.

Dwaan en belibje

It museum set neffens Van Slooten hieltyd mear yn op dingen dwaan en belibje. "Zoals nu, we combineren klassieke muziek en natuur. Alles wat je daarmee kunt doen, kun je ervaren in het Natuurmuseum. Ik merk vooral dat kinderen het leuk vinden praktisch bezig te zijn: ze kunnen bijvoorbeeld muziekinstrumenten maken van afval."

Yn gearwurking mei CityProms, it grutte noardlike klassike muzykfestival, binne der yn de hjerstfakânsje workshops foar bern en is der ek live muzyk.

Ferslachjouwer Ronnie Porte by Natuurmuseum Fryslân

Natuurmuseum Fryslân - Foto: ANP
(advertinsje)
(advertinsje)