Wrâldrekôr wichtichste doel foar Ireen Wüst yn nij reedrydseizoen

Reedrydster Ireen Wüst wol in oanfal dwaan op it wrâldrekôr op de 1.500 meter. Wüst hat dat as haaddoel oanwiisd foar it nije seizoen. De ploech fan Wüst, Team TalentNED, mei neist Wüst ûnder oare olympysk kampioene Esmee Visser, waard tongersdei presintearre yn Oranjewâld.
In reportaazje mei Ireen Wüst oer it nije seizoen:
Ireen Wüst set sinnen op wrâldrekôr
Yn it ôfrûne seizoen ferstoar Wüst har bêste freondinne Paulien van Deutekom. Mei dêrtroch wiksele se hiele goede en minne resultaten ôf. It wie foar har net dreech om har wer op te laden foar it nije seizoen, want, sa seit se: "Ik vind schaatsen het allermooiste om te doen."

Wrâldrekôr

Wüst wol dit seizoen besykje om it wrâldrekôr op de 1500 meter te te pakken. Se sil der alles oan dwaan om dat foar inoar te krijen: "Ik probeer een goede basis te leggen door hard te trainen. Of ik het haal hangt natuurlijk af van de vorm van de dag en of er anderen beter zijn." Op it stuit is it wrâldrekôr yn hannen fan Miho Takagi, mei 1.49,83.
Neist it wrâldrekôr wol Wüst ek graach wrâldkampioen allround wurde.
Ireen Wüst © www.orange-pictures.nl
Wüst is no 33 jier en hat in ôfrinnend kontrakt. Dochs soe se noch graach in jier troch wolle. Se tinkt lykwols net dat har karriêre noch folle langer duorje sil: "Ik schaats heel graag nog één jaar door en wellicht worden dat er twee."
It folsleine ynterview mei Ireen Wüst:
Wüst: "Ik schaats nog heel graag één jaar door"