UPDATE: Kilometers file op A7 by Drachten nei twa ûngelokken wer oplost

Op de A7 by Drachten stie in skoft in file fan sa'n acht kilometer lang. De oarsaak dêrfan wie in kop-sturtûngelok. Letter wie der op itselde stik noch in oanriding. De file stie yn eastlike rjochting.
© De Vries Media
De ambulânse kaam nei it plak fan it ûngelok, mar gjinien hoegde nei it sikehûs ta.
It ferkear stie net hielendal stil, mar koe stadichoan by de twa skansearre auto's del.