Muzykferieningen kinne solist 'winne' fan it Noord Nederlands Orkest

24 okt 2019 - 17:21

It Noord Nederlands Orkest stelt in muzikant beskikber oan in Fryske muzykferiening. Dêr is in soarte fan wedstriid foar opset: De HaFaBra (Harmony - Fanfare - Brassband) ferieningen kinne in projektplan ynleverje dêr't se yn beskriuwe wêr't sy de NNO-solist foar brûke wolle.

De 'win in NNO-solist' kampanje - Foto: Omrop Fryslân

Ut de ynstjoerde projektplannen wurdt ien plan útkeazen. Dy muzykferiening krijt dan in NNO-solist tawiisd dy't by in tal repetysjes oanwêzich is, in workshop of masterclass jout oan de feriening en meispilet by de útfiering. It doel is om de kwaliteit fan dy feriening op te krikken.

Dit projekt is in gearwurking fan it NNO, Fulkaan, Keunstwurk en OMF (Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân).

Fulkaan is talintûntwikkelder foar HaFaBra yn Fryslân. Jongerein fine by Fulkaan it jier troch ynspiraasje, kennis en moetingen. By de jierlikse 5-daagse Summer Academy dogge jonge muzikanten, sjongers, dûnsers en akteurs weardefolle les-, poadium- en libbensûnderfining op. Boppedat organisearret Fulkaan regelmjittich projekten, workshops en masterclasses dy't rjochte binne op talintûntwikkeling.

(advertinsje)
(advertinsje)