Harnzers stedsskouboarch Trebol fiert lêste wike mei feest

Stedsskouboarch Trebol yn Harns slút nei dizze wike de doarren. It grutte gebou yn 'e binnenstêd fan Harns hat sûnt 1910 in wichtige kulturele funksje foar de stêd. Dochs komt dêr nei kommende sneon offisjeel in ein oan. De skouboarch makket plak foar apparteminten.
NOCH Lêste feest yn Trebol
De Harnzer hoarekaman Johan Outhuijse is al jierren lang belutsen by Trebol. Troch de jierren hinne feroare der sawol oan 'e binnen- as bûtenkant in soad oan it gebou. Hy hat it fan tichtby meimakke. "Het is allemaal heel anders geworden dan vroeger." De tiid fan films, optredens en ferhier fan de sealen is no definityf foarby. Dochs kin Outhuijse it beslút wol begripe. Hy sjocht dat de fraach fan nije generaasjes net mear oanslút by it hjoeddeistige oanbod fan de skouboarch.

Takomst fan Trebol

De mannen fan Harns Invest sille de skouboarch ombouwe ta wenningen. De apparteminten moatte neffens harren yn 'e âlde styl opboud wurde. Dêrom hawwe se de blaudruk fan it gebou út 1910 opfrege en oan 'e hân derfan harren ûntwerp makke.
Johan Outhuijse oer de skiednis fan Trebol
Trebol no © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Ofskiedskonsert

Oankommende sneon sil it ôfskiedsfeest plakfine. Foar de lêste kear sille de poadia fan Trebol folle wurde. Yn 'e middei fersoargje it Harnzer korps, de harmony en meardere koarkes de muzyk. Sneontejûn sille ferskate bands optrede, wêrûnder de Wiebe van Dijk Superband. Der binne foar sawol de middei as de jûn noch kaarten beskikber.
Johan Outhuijse oer it feest fan takom sneon
Trebol eartiids © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar