Himpkwekerij oantroffen yn flat yn Ljouwert

De plysje hat tongersdeitemiddei in himpkwekerij fûn yn in flat oan De Gealanden yn Ljouwert. De 31-jierrige bewenner fan de flat is meinommen foar fierder ûndersyk. De himp en de apparatuer is yn beslach nommen. De plysje fûn 153 himpplanten yn de flat en ûntduts dat de stroom ôftape waard.
© Pixabay
In 31-jierrige Ljouwerter dy't yn de flat wie, is meinommen en ynsletten.