Gewestlik bestjoer pakt rezjy PvdA-ôfdieling Hearrenfean: "Hiel spitich"

It ôfdielingsbestjoer fan PvdA-Hearrenfean is opstapt, dat soe wêze om't de leden harren tsjinwurke fiele troch in tal leden fan de Wurkgroep Senioaren. No't it bestjoer fuortfallen is, leit de lieding yn hannen fan it gewestlik bestjoer fan de PvdA yn Fryslân. Foarsitter Hans Konst is net wiis mei de gong fan saken: "Ik moat earlik sizze dat ik dit nea earder meimakke haw. It is hiel spitich dat it safier komme moat."
PvdA'er Hans Konst © Omrop Fryslân
Gewestlik foarsitter Konst wol net sizze hoe't de rebûlje ûntstien is. "Ik sis dêr neat oer. De ôfdieling bestiet út frijwilligers en minsken dy't harren tige mei de partij ferbûn fiele. En wy moatte ek mei-inoar fierder, dêr moatte wy ús op rjochtsje."

Generaasjekleau?

It liket derop dat der sprake is fan in generaasjekleau dy't de ôfdieling dwers sit. "Sa soest it opfetsje kinne, mar foar de ôfdieling Hearrenfean en de partij hat it gjin nut om yn dat soarte termen te tinken." Hearrenfean is in wichtige ôfdieling foar de PvdA, jout Konst ta.

'Moat droegen wurde troch leden'

It PvdA-Gewest Fryslân hat no de lieding oer de ôfdieling oernommen. Dat bart automatysk as it bestjoer fuortfalt. "As it folsleine bestjoer opstapt, sizze de regleminten dat it oan it Gewest is dat der in nij bestjoer komt. Mar, al ús hanneljen is der no op rjochte dat Hearrenfean wer in nij bestjoer krijt dat fierder kin en dat ek droegen wurdt troch de leden."

Hearrenfean makket analyze

Konst: "Wy hawwe in tal leden út Hearrenfean frege om in analyze te meitsjen oer wat der oan de hân is en frege om mei in konkreet foarstel te kommen om út dizze situaasje wei te reitsjen. En foar in nij bestjoer te soargjen. Dat binne leden út Hearrenfean, want Gewest Fryslân is ek mar in bûtensteander en wy moatte sa gau mooglik oan de kant."
Neffens Konst soe de ôfdieling genôch power hawwe om it op te lossen. "Ik hoopje dat wy dit boek sa gau as mooglik tichtslaan kinne."
Foarsitter Gewestlik PvdA-bestjoer Hans Konst