FNV: Tiid foar ûnôfhinklik ûndersyk by rjochtbank

24 okt 2019 - 16:26

Fakbûn FNV wol dat der sa gau as mooglik in ûnôfhinklik ûndersyk komt nei de ûnrêst by de Rjochtbank Noard-Nederlân. De Ljouwerter Krante skreau dizze wike dat der in eangstkultuer hearsket by de meiwurkers fan de rjochtbank. "Een goede rechtspraak is alleen mogelijk als de omstandigheden voor het personeel ook goed zijn", seit Yntze Koenen fan de FNV.

It gerjochtshof yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De FNV kriget út ferskate hoeken berjochten dy't it ferhaal fan de krante befêstigje: "Een bedrijfsarts die plotseling op moet stappen, het vertrek van de voorzitter van de integriteitscommissie, het stoppen van kritische columns, drie managementassistentes die gelijktijdig het veld ruimden." De rjochtbank sels lit net in soad los oer de situaasje. Op algemiene fragen oer feiligens fan personiel of de frijheid fan tsjinspraak krijt it bûn gjin dúdlik antwurd. Dêrom wolle se in ûndersyk.

Eangstkultuer

Ut de berjochten docht neffens Yntze Koenen bliken dat der in stevige managementkultuer hearsket by de rjochtbank. "Stevige benadering in vergadering, een 'ik ben de baas'-cultuur, waarbij tegenspraak niet wordt geduld. Mensen voelen zich niet veilig."

Dat soarget der ek foar dat minsken beducht binne om deroer te praten. Dêrom wol de FNV dat der gau aksje ûndernaam wurdt.

Reaksje rjochtbank

Koartlyn hat der in wurktefredenheidsûndersyk west by de rjochtbank, fertelt Koenen. Dêrfan wol de FNV de útkomsten witte, sadat se dat belûke kinne by it ûndersyk. Mei de rjochtbank sels kinne se gjin kontakt krije.

Wol mei de Raad voor de Rechtspraak; in oerkoepeljende organisaasje foar rjochtbanken yn Nederlân. De foarsitter fan dat orgaan hat sein dat sy der ynkoarten op werom komme. Koenen sjocht út nei in reaksje: "Ik neem aan dat we snel een telefoontje krijgen van rechtbank Noord-Nederland en dat ze met ons om tafel gaan."

De rjochtbank wol net foar de mikrofoan reagearje en hâldt it by in skriftlike reaksje:

"We zijn bekend met de berichtgeving, maar herkennen ons daar niet in. RNN (Rechtbank Noord Nederland) is een grote organisatie, met meer dan 700 mensen, verdeeld over drie locaties in drie provincies. Het is niet uit te sluiten dat er onrust ontstaat. Als RNN zitten we in een veranderingsproces, en dat geeft onrust. We beseffen dat veranderingen onvrede en wantrouwen aanwakkeren. We nemen daar ook verantwoordelijkheid voor, het heeft onze aandacht. We hebben voorheen te weinig aandacht gehad voor de interne communicatie met onze mensen en verzuimd om ze voldoende mee te nemen in het verandertraject. We zijn nu begonnen met een intern communicatietraject."

Yntze Koenen fan de FNV

Trefwurden: 
rjochtbank FNV Yntze Koenen
(advertinsje)
(advertinsje)