Vermilion set troch mei gasplannen yn Weststellingwerf en De Fryske Marren

24 okt 2019 - 17:31

Vermilion wol oant 2040 op 'e nij gas winne út it gasfjild by Aldlemmer. It plan dêrfoar leit no seis wiken ta besjen. De negative advizen fan Wetterskip Fryslân en gemeenten Weststellingwerf en De Fryske Marren hâlde it gasbedriuw foarearst net tsjin om troch te setten mei it plan. Yn 2014 is de gaswinning stillein, mar Vermilion wol op 'e nij gas winne.

It gasfjild by Aldlemmer, bekendmakking fan it ministearje - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It gasfjild wurdt oanboarre yn Aldlemmer, op de hoeke fan de Tjongerweg en de Oude Maden. It fjild leit yn gemeenten Weststellingwerf en De Fryske Marren, foar it grutste part ûnder de doarpsgebieten fan Aldlemmer, Nijlemmer, Rotstergaast, Dolsterhuzen en Reahel.

Werstart

Vermilion Energy Netherlands BV hat in fersyk yntsjinne by de minister fan Ekonomyske Saken en Klimaat om wer gas te boarjen by Aldlemmer. De gaswinning yn dit gebiet sette yn oktober 1993 útein en waard yn 1999 útwreide. Yn juny 2004 hat de minister goedkarring jûn oan in doetiidsk winningsplan. It doel wie om dêr oant 2017 mei troch te gean, mar sûnt 2014 is de produksje fan dit gasfjild stillein. No wol Vermilion dus op 'e nij besykje gas te heljen út it fjild.

Gemeenten fjochtsje tsjin gaswinning

Yn juny fan dit jier joech it kolleezje fan Weststellingwerf de minister noch in negatyf advys. De ried fan De Fryske Marren hat him yn 2015 al útsprutsen tsjin elts gaswinningsplan. Ek Wetterskip Fryslân wol it net. Mar it Ryk beslút úteinlik oft it wol of net troch giet.

Krekt wat mear nei it noarden besiket Vermilion ek gas te winnen dat yn in fjild ûnder Rottum leit. De gaswinner woe in nije boarlokaasje by Nijlemmer. Ferline jier hat De Fryske Marren sjen litten dêr poer op tsjin te wêzen.

Nije ôftakking

Vermilion wol ûnder oare in nije ôftakking meitsje fan ien fan de besteande putten út. In part fan it gasfjild kin nammentlik net goed troch de twa besteande putten oanboarre wurde. It gasbedriuw jout lykwols wol oan dat der minder gas produsearre wurde sil dan dat yn 2004 it doel wie, nettsjinsteande dat der no langer boarre wurdt.

De besteande boarlokaasje yn Aldlemmer - Foto: Google Street View

Sjenswizen

Tusken 25 oktober en 5 desimber leit it plan om yn te stimmen mei it beslút om gas te winnen by Aldlemmer op besjen yn de gemeentehuzen fan Weststellingwerf en De Fryske Marren. Minsken kinne yn dizze perioade in sjenswize yntsjinsje. Fierder is der in ynrin-gearkomste yn doarpshûs De Brêge yn Ychtenbrêge op 5 novimber. Alle reaksjes wurde meinommen yn it definitive beslút. Dêr kinne minsken ek noch yn berop tsjin gean.

(advertinsje)
(advertinsje)