Polarisaasje 'natuer fersus ekonomy' moat ophâlde, fynt Natuurmonumenten

24 okt 2019 - 15:32

De nije miljeumaatregels roppe in soad protesten op. Neist de boeren litte de bouwers yn Nederlân no ek harren tsjinlûd hearre. De diskusje wêryn't ekonomy hieltyd mear tsjinoer de natuer komt te stean moat ophâlde, fynt ambassadeur fan Natuurmonumenten Arjen Kok. "Natuer hat ek in ekonomyske wearde."

Foto: ANP

Kommende woansdei rint it Malieveld yn Den Haag wer fol. Ditkear binne it de bouwers dy't reagearje op de nije miljeumaatregels. Fanwegen de nije, ferlege, noarm op it produsearjen fan de giftige grûnstof PFAS lizze op it stuit in soad bouprojekten stil.

En ek al giet it om in oare stof as stikstof, opnij komt natuerbehâld tsjinoer ekonomy te stean. "It polarisearret", seit ambassadeur Arjen Kok fan Natuurmonumenten yn Fryslân. "We moatte mei elkoar, mei de boeren en de oerheid, oplossingen sykje foar de situaasje dy't ûntstien is."

Wikseljend belied

Arjen Kok fynt de ûntwikkeling spitich. Foar de krisis hienen se noch goeie petearen mei de boeren oer de takomst. Hy hopet dat se dat trochsette kinne, nettsjinsteande de krisis fan no.

Hy begrypt dat boeren 'tureluurs' wurde fan it wikseljende lânboubelied yn Nederlân de lêste jierren, mar der moat wol wat feroarje: "Der leit wol in hiele dúdlike relaasje tusken de kwaliteit fan 'e natuer en de stikstof. En Nederlân is gewoan in hiele grutte stikstofútstjitter."

Natuer of ekonomy

Neffens Kok moat de klam lizze op de ekonomyske wearde fan natuer, yn stee fan dat beide komponinten tsjinoer elkoar komme te stean. "Der komme in protte minsken om fan de natuer te genietsjen en it te belibjen." Boppedat, sa konkludearret hy, "foar de sûnens fan de mins hat it ek in hiele belangrike funksje."

(advertinsje)
(advertinsje)