Sân jier sel foar mishanneling mei deadlike ôfrin yn Jobbegea

De rjochter hat tongersdei sân jier selstraf oplein tsjin de man dy't yn novimber ferline jier in 60-jierrige ynwenner mei in 'steigerbuis' tsjin de holle slein hat. It slachtoffer hat inkelde wiken yn koma lein, foardat er oan syn ferwûnings ferstoar.
Sân jier sel foar mishanneling mei deadlike ôfrin yn Jobbegea
Doe't dizze saak fjirtjin dagen lyn foar de rjochter wie, joech de man oan dat er spyt hie fan syn aksje. Hy sei dat er it slachtoffer fuortjeie woe, doe't dy him oanfoel. De sân jier finzenisstraf dy't de man no oplein krigen hat, is gelyk oan de eask fan it iepenbier ministearje.

Alkohol

It slachtoffer hie in soad dronken doe't er yn de nacht fan 24 novimber oankaam by in hûs yn oanbou oan de Schoolstraat yn Jobbegea. Hy tocht dat syn dochter dêr wie en dat se dêr drugs brûkte. Dat wie net sa, mar de heit begûn te razen en goaide in steigerbuis troch it foarrút.
© De Vries Media
Op de sitting fjirtjin dagen lyn sei de no feroardielde man dat de heit tige driigjend oerkaam. Dat soe de reden west hawwe dat hy him mei in steigerbuis slein hat. Neffens de rjochter wie der yn dit gefal gjin sprake fan 'noodweer', omdat it slachtoffer sa ûnder ynfloed fan alkohol wie dat er hast net mear stean koe.
Ut de útspraak fan de rjochter docht bliken dat hy, krekt as it iepenbier ministearje, tinkt dat de klap mei de steigerbuis fataal west hat. Op de sitting sei de 60-jierrige man noch dat in oare man it slachtoffer tsjin de holle skopt hie en dat dat ek de oarsaak wêze koe fan de dea fan de man. De rjochter fynt dat der gjin bewiis wie foar in skop tsjin de holle.

Skeafergoeding

Fierder krigen de frou en twa bern fan it slachtoffer in skeafergoeding fan goed 15.000 euro elk tawiisd.