Kellian van der Kaap jûn foar it earst yn de basis by SC Cambuur

25 okt 2019 - 14:53

Trainer Henk de Jong kin freed gjin berop dwaan op oanfierder Erik Schouten en Sven Nieuwpoort. Beide sintrale ferdigeners fan SC Cambuur binne blessearre en moatte it duel mei Jong FC Utrecht misse. Gewoanwei soe Schouten spylje en is Nieuwpoort syn ferfanger, mar no sil Kellian van der Kaap op dat plak spylje.

Schouten hat lêst fan 'e knibbel. Dat wie ek de reden dat hy ferline wike tsjin TOP Oss net spylje koe. De ferwachting wie dat it wol gau herstelle koe, mar dat blykt ôf te fallen. Boppedat is de technyske stêf ekstra foarsichtich, om't it de knibbel is dêr't Schouten ferline seizoen swier blessearre oan rekke.

Henk de Jong: "We passe wol op Erik. Mar der sit in hiel lyts bytsje focht yn en dat behinderet him om frijút te bewegen. Dêr kinst gjin risiko yn nimme, want dan bist him miskien wol moannen kwyt."

Nieuwpoort hat in lytse ferrekking yn 'e boppeskonk en leit der nei ferwachting in wike as twa út. Giovanni Korte is ek noch net opknapt fan syn ankelblessuere.

Jamie Jacobs werom

Wa't der wol wer is, is Jamie Jacobs. Hy miste ferline wike de wedstriid tsjin TOP Oss, mar is no wer fit. Dan komt De Jong foar in lestige kar te stean, want mei Jacobs, Mees Hoedemakers, Stanley Akoy en Robin Maulun hat er fjouwer middenfjilders foar trije posysjes. "Ik moat it dy jonges noch fertelle, dus ik kin it jim noch net fertelle."

Basisdebút Van der Kaap

Foar Van der Kaap betsjut it syn earste basisplak by Cambuur. Nei't Nieuwpoort woansdei ôfheakje moast op de training, wist er genôch. "In de loop van de week hoorde ik het. Zenuwen heb ik niet per se, want je weet wat de trainer van je verwacht. We hebben een hele duidelijke tactiek, dus ik weet wat er gevraagd wordt."

In oantal wiken lyn makke de âld-ferdigener fan Harkemase Boys syn debút as ynfaller en boppedat spilet er geregeld mei Jong Cambuur. Dêrtroch is er fit en kin er njoggentich minuten spylje. "Zeker, ik heb veel minuten met de beloften gemaakt. En ik heb geen training gemist, we trainen ook intensief dus ook met mijn conditionele gesteldheid zit het wel goed."

Wa is Arweiler?

Oan Van der Kaap en Mac-Intosch de taak om Jonas Arweiler oan bannen te lizzen. De spits fan Jong FC Utrecht skoarde al fiif kear en joech fjouwer assists oan no ta. Under de yndruk dêrfan is Van der Kaap net: "Arweiler? Zegt me niets. Samen met Calvin (Mac-Intosch, kollega-ferdigener) hebben we een strak plan. Dan maakt het niet uit wie er tegenover ons staat."

Foto: Orange Pictures

SC Cambuur spilet freedtejûn om 20.00 oere de útwedstriid tsjin Jong FC Utrecht, dêr't âld-Cambuur-trainer René Hake no coach is. It duel is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Ferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar fan Sportpark Zoudenbalch yn Utrecht ôf. Sneon yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting fan it duel.

(advertinsje)
(advertinsje)