Westertsjerke moat him bewize as kultureel brûsplak

De Westertsjerke - it eardere teäter en poppoadium Romein - wurdt in kultureel brûsplak. De gemeente Ljouwert jout it in jier de frije hân om himsels te bewizen. "Het moet een plek worden waar verschillende disciplines een podium krijgen: van muziek en theater tot dans en literatuur", seit Johan de Vries, ien fan de inisjatyfnimmers.
Westertsjerke moat har bewize as brûsplak
"Het is de bedoeling dat het een intieme setting wordt, waarbij publiek en artiest dicht bij elkaar op de huid zitten", De Vries.

Gjin poppoadium of skouboarch

Hy seit mei klam dat it net in nij poppoadium of skouboarch wurde moat. "We willen juist kijken naar hoe we verbinding tussen bestaande locaties en makers kunnen creëren en er nieuwe vormen kunnen ontstaan."
Se binne al mei in soad partijen yn petear: Luna, jeugdteäterskoalle 'n Meeuw, Keunstwurk, dbieb en de Popacademie. De Popacademie hat earder alris witte litten dat it ûntbrekt oan genôch presintaasjeplakken yn Ljouwert foar har studinten en dat se dêrfoar faak útwike nei de stêd Grins.
Ferslachjouwer Wendy Kennedy praat mei inisjatyfnimmer Johan de Vries