Ninah Tiemersma fiert stik op oer seksuele yntimidaasje en geastlike mishanneling

Ek yn Fryslân is it tal slachtoffers fan seksuele yntimidaasje en geastlike mishanneling in stik heger as de offisjele sifers sjen litte. Dosinte Gryksk en Latyn Ninah Tiemersma út Ljouwert ferwurke de swarte siden út har bernetiid yn in teäterstik, wêrby't se geastlike stipe fûn yn de Grykse trageedzjes.
De slachtoffers fan seksuele yntimidaasje en geastlike mishanneling, manlju, mar benammen froulju, kinne troch de trauma's dy't se yn har ferline oprûn ha net of mar krekt funksjonearje. Sawat in tredde fan alle slachtoffers is sels sa beskeadige dat se it libben einigje wolle. Trettjin persint docht harsels werklik tekoart.
Woansdeitejûn spile Tiemersma op it poadium fan IepenUP live har foarstelling 'Niet meer alleen', dat foar it earst yntegraal útstjoerd waard op de webside fan Omrop Fryslân.
Hasto help nedich? Dan kinst kontakt opnimme mei Stichting 113 Zelfmoordpreventie fia 0900 0113 (24/7 berikber) en www.113.nl.
© Omrop Fryslân
Nije wike stiet IepenUP Live hielendal yn it teken fan de situaasje yn Koerdistan en dan benammen yn it noarden fan Syrië. Spesjale gast dit kear is de sjoernaliste Fréderike Geerdink, dy't fertelle sil oer har ûnderfiningen mei de Koerden yn oarlochsgebiet.
Programmamaker Sherin Seyda is útnûge in powerkolleezje te fersoargjen oer it ûnderwerp. Fansels komme ek Koerden út Fryslân oan it wurd hoe't sy it belibje, no't Turkije Noard-Syrië binnenfallen is.

Alle woansdeis

IepenUP Live wurdt alle woansdeis útstjoerd út Neushoorn wei yn Ljouwert. Belangstellenden binne wolkom fan 19.30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen fia in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.