Tekoart oan kantoarpannen driget yn Ljouwert

24 okt 2019 - 12:03

Yn Ljouwert driget de kommende tiid in tekoart oan grutte kantoarpannen. Dat sizze meardere bedriuwsmakelers tsjin Omrop Fryslân. "De tijden dat kantoorruimte voor een habbekrats wegging, zijn voorbij", sa seit ien fan de makelers. Der binne de lêste jierren yn de Fryske haadstêd safolle leechsteande kantoaren omboud ta wenromte, dat der hast gjin plakken binne foar bedriuwen om har te fêstigjen.

Winkels en bedriuwen dy't leech steane, dat wie it spûkbyld foar bedriuwsmakelers yn de jierren nei de ekonomyske krisis yn 2008. De ekonomy werstelde de lêste jierren en der waard wer omraak boud, benammen wenromte. Folsleine kantoaren yn it sintrum fan Ljouwert feroaren yn húsfêsting foar studinten of partikuliere hier. En dat sit bedriuwen dy't nei Ljouwert komme wolle dwers.

Lestich

"Er is bijna geen groot kantoor meer dat ik ze kan aanbieden," seit Gees Adema fan Hoekstra Bedrijfsmakelaars yn Ljouwert. "Kleinere kantoorruimtes, dat gaat nog wel aardig goed, maar ook dat begint minder te worden. Ik had de afgelopen weken tot drie keer toe partijen die meer dan 1.500 vierkante meter zoeken en dat is hier in het Noorden toch best een behoorlijke oppervlakte. Dan begint het lastiger te worden om kantoorruimte, die echt aan de eisen van deze tijd voldoet, snel te vinden."

Foto: Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân

Yn ús lân binne de ôfrûne tiid 13.000 wenten boud yn âlde kantoargebouwen. Neffens it CBS giet it dan om saneamde 'transformearde wenten'. Dy wienen yn 2018 goed foar 14 procent van het totaal oan nije wenten. Goed foar it oanbod oan wenromte, mar minder goed foar it fêstigingsklimaat fan bedriuwen. Benammen yn grutte stêden komme der in soad huzen en apparteminten út kantoaren wei. Dat hat neffens Adema te krijen mei de priis dy't de ôfrûne jierren hieltyd leger waard en de hege boukosten fan tsjintwurdich.

Grut gat

"Het was een aantal jaren, zeker sinds de crisis in 2008, dat de kantoorprijzen alleen maar daalden. Dat is echt absoluut niet meer zo. Maar het gaat nog niet zo wild als bijvoorbeeld in het Westen van het land. En het is wel zo dat het stabiliseert en weer wat omhoog kruipt", seit Adema. "Maar als je het dan vergelijkt met wanneer je nieuw zou bouwen, met de bouwprijzen van dit moment, dan zit er gewoon een heel groot gat tussen een huurprijs die eruit komt bij een nieuw complex en bij de bestaande kantoren."

Gees Adema fan Hoekstra Bedrijfsmakelaars yn Ljouwert

(advertinsje)
(advertinsje)