Histoaryske foto's W.H. Kuipers útstald: "Moai byld fan hoe't de stêd feroare"

24 okt 2019 - 11:10

It Historisch Centrum Leeuwarden (HCL) iepenet tongersdei in útstalling fan foto's fan Wiebren Hendrik Kuipers (1918-1988). "It jout in hiel moai byld fan hoe't de stêd feroare is yn de desennia nei de oarloch", fertelt Geart de Vries fan it HCL.

W.H. Kuipers - Foto: Historisch Centrum Leeuwarden

"Sjochst bysûndere dingen", seit De Vries oer de foto's. "It Vliet bygelyks: dat wie earder wetter, mar it wie doe noch net demme. En De Beurs, dêr't no de universiteit yn sit en koartlyn de biblioteek. Dêr waard eartiids folop dûnse en der wiene alderhande oare saken, lykas konserten. Ek de Blauwe Engel, dat wie in trein dy't nei Grins gong, mar hiel oars fansels as de Arriva-treinen fan tsjintwurdich."

W.H. Kuipers, sa't er syn foto's altyd ûndertekene, wie de earste gemeentefoarljochter fan Ljouwert. "Tsjintwurdich ha ynstânsjes, gemeenten en provinsjes tsientallen foarljochters", seit De Vries. "Mar Willem Hendrik Kuipers wie de earste betelle foarljochter fan de gemeente Ljouwert. En wierskynlik ek ien fan de earsten fan hiel Fryslân en Nederlân."

Bewust fêstlizze

Mar wêrom makke Kuipers sa'n soad foto's? "Hy skreau ek teksten", fertelt De Vries. "Want hy wie haadredakteur fan in moanneblêd, de Leeuwarder Gemeenschap. By dy teksten moasten foto's. Hy wie him der tink ik bewust fan dat er dingen fêstlizze moast."

It HCL krige de foto's oanbean troch de soan fan Kuipers, Herry. "Yn 2018 hiene we in soad besikers, en ien fan harren wie dy soan. Hy sei: 'Ik ha noch tûzenen negativen fan ús heit. Ha jim dêr ferlet fan?' Fansels hiene wy dat."

Kuipers komt yn in lange rige fan fotokolleksjes. "We ha ek foto's fan Sjoerd Andringa, Fenno Schoustra, Dick van der Heide en Bas den Oudsten. Dus dit wie in moaie oanfolling."

It lit sjen hoe't de stêd altyd mar feroaret.

Geart de Vries (HCL) oer foto's fan eartiids

It HCL hat no in rike fotokolleksje neffens De Vries, mar mear foto's binne altyd wolkom. "We kinne altyd mear brûke. It lit sjen hoe't de stêd altyd mar feroaret. En Ljouwert is tsjintwurdich grutter as allinnich de stêd: der binne ek 35 doarpen, dêrfan wolle we ek foto's ha. Dat giet wol altyd yn oerlis mei de histoaryske ferieningen yn dy doarpen."

De foto-eksposysje is te sjen oant en mei jannewaris. Der komt ek in boek út oer de foto's, ynklusyf teksten fan de soan.

Geart de Vries oer de foto's fan W.H. Kuipers

(advertinsje)
(advertinsje)