Fryske flekswurkers sitte nei in jier faak wer sûnder baan

24 okt 2019 - 09:58

Fan alle provinsjes komme yn Fryslân de measte flekswurkers nei in jier wer sûnder wurk te sitten en binne dan oanwiisd op in útkearing. Dat docht bliken út in analyze fan it Centraal Bureau voor de Statistiek, dy't tongersdei ferskynd is.

Sirkelseage - Foto: Shutterstock.com

Goed 53 prosint fan de Friezen dy't yn 2016 in fleksbaan hiene, hiene dy in jier letter noch hieltyd. De oare 47 prosint streamde troch nei in baan of waard wurkleas.

Fan de Fryske flekswurkers hat 13 prosint nei in jier in fêste baan. Dat persintaazje is leger as yn hast alle oare provinsjes. Yn Utrecht leit it persintaazje mei 17 prosint it heechst.

Trefwurden: 
Fryslân CBS fleksbaan
(advertinsje)
(advertinsje)