Daan Breeuwsma koe yn de simmer einliks 'folle bak': "Dus ik bin hiel sterk en fit"

24 okt 2019 - 09:27

Einliks in hiele simmer pinefrij traine. Alles dwaan kinne, wat je dwaan wolle. En ûndertusken ek noch je eigen pleats opknappe. It wiene drokke moannen foar shorttracker Daan Breeuwsma. Dizze wike komme we yn de kunde mei de sân Fryske shorttrackers, dy't meidogge oan de wrâldbekers. Dizze tongersdei it fjirde diel, mei Daan Breeuwsma.

Pinefrij wêze. It is in gefoel dat foar Daan Breeuwsma net fanselssprekkend is. Hy waard oan beide knibbels operearre en hie der altyd noch wol wat lêst fan. Oant dit jier.

"Ik ha in hiele goeie simmer hân. Ferline jier hie ik noch wol wat komplikaasjes oan myn knibbel. Dizze simmer koe ik foar it earst folle bak by de krêfttraining, it riden giet hiel goed en it fytsen giet goed. Dus ik bin hiel sterk en fit. Hooplik kin ik dat in kear sa hâlde en dan is der miskien noch wol wat leuks mooglik", fertelt Breeuwsma, dy't gerêst wol de nestor fan de shorttrackseleksje neamd wurde mei. Mei syn 31 jier is hy de âldste fan it team, mar de slyt sit der noch altyd net op. "Ik ha wer stappen makke en it giet wer hartstikke goed. Ik bin tefreden."

Ride yn eigen lân

Lykas ferline seizoen stiet der ek no wer in wichtige wedstriid op it programma yn eigen lân. Heal febrewaris is yn Dordrecht de wrâldbekerfinale. "Yn eigen lân ride is altyd wol in spearpunt foar ús. We ha de lêste jierren sjen litten dat we dan altyd goed binne. Ik ha sels it idee dat ik wat ekstra kin, as we yn eigen lân ride. Fansels bliuwe ek it EK en it WK belangryk. Mar, we begjinne mei de wrâldbekers en ik wol sjen as ik dêr wer rjochting finales sjen kin. Je kinne dêr in moaie opbou meitsje nei de belangrykste wedstriden."

Oer in goeie wike is de earste wrâldbekerwedstriid yn it Amerikaanske Salt Lake City. Dêrnei reizigje de shorttrackers troch nei Montreal yn Kanada foar wrâldbeker twa.

Foto: Orange Pictures

Relay

De relay bliuwt foar de Nederlânske shorttrackseleksje ek in wichtich ûnderdiel. Der is allinne wol wat feroare no't Sjinkie Knegt net ynsetber is. Nederlân hat in stapke werom sette moatten kwa prestaasjes, mar Breeuwsma hopet dochs wer foar de eareplakken gean te kinnen mei de ôflossingsploech.

"Ik ha wol it idee dat de measten fan ús in stap makke ha. We ride yn de trainings hurder as oare jierren. De snelheid is der wol en no hoopje dat we it tapasse kinne op de juste mominten. We moatte sa min mooglik fouten meitsje en dan tink ik dat we wer foar de medaljes meidwaan kinne."

Friezen Itzhak de Laat en Dennis Visser binne oare wichtige riders by de relay. It fjirde plak wurdt ôfwikseljend ynfolle troch Jasper Brunsmann en Dylan Hoogerwerf, de iennige net-Fries.

Ald pleatske

Wa't Daan Breeuwsma en freondinne Rianne de Vries folget op social media, sjocht dat se it fan it simmer net allinne drok hân hawwe mei trainen. Der wie ek genôch tiid om te klussen, te klussen en nochris te klussen. "De badkeamer is sa goed as klear, mar dan hâldt it earst efkes op. As je in âld pleatske keapje, witte je dat je it net yn ien kear opknappe kinne. Finansjeel net en kwa tiid ek net. Shorttrack giet no wer foar en tuskentroch probearje we it wat ôf te krijen. We sjogge fan it simmer wol wer."

  • Namme: Daan Breeuwsma
  • Bertedatum: 29-12-1987
  • Berteplak: It Hearrenfean
  • Wenplak: Akkrum
  • Hichtepunt: Wrâldkampioen mei de relay-ploech (2014 en 2017) en fiif kear Europeesk Kampioen relay
  • Twitter: @DaanBreeuwsma
  • Instagram: @daanbreeuwsma
Trefwurden: 
shorttrack Daan Breeuwsma
(advertinsje)
(advertinsje)