Kollum: "Grand Stortemelk"

24 okt 2019 - 08:27

"Juster kaam it nijs dat de grutte reisgids Lonely Planet Nederlân rekommandearret as sânde yn 'e 'Top 10 Countries to visit in 2020'. Kom yn april en maaie, seit Lonely Planet, want dan binne hjir de festiviteiten fan 'King's Day, Liberation Day and the Eurovision Song Contest'. Mar - en no komt it - de reisgids priizget Flylân dêrby oan. 'By Camping Stortemelk kinst oernachtsje yn 'e dunen, om troch it gerûs fan 'e weagen yn sliep songen te wurden', sa jubelet Lonely Planet.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Bûtenkâns. Let op myn wurden. De Volkskrant printe in grafykje nei oanlieding hjirfan, wêryn't te sjen is hoe't it toerisme yn Nederlân groeid is. Fan sa'n 25 miljoen 'verblijfstoeristen' yn it jier 2000, ha we no 45 miljoen, en de prognoaze is dat dat yn 'e kommende tsien jier groeit nei in lytse 60 miljoen. En dan is it Lonely Planet-effekt noch net iens meinommen. De toeristyske sektor is yn Nederlân al twa kear sa grut as de lânbou, wêrop't de krante har ôffreget wêrom't we noch gjin ministearje foar toerisme ha.

Ik sis: alle ballen op Flylân. En no gjin suterige maatregels: Stortemelk moat útwreidzje en dat kin moai mei dat militêre oefenterrein. Sûnt we witte dat Definsje santich boargers opblaasd hat yn Irak, kinne we der dochs net mear fan út gean dat se echt mikke kinne, dus dy Vliehors leverje se mar yn. Fuortendaliks ek mar in parkeargaraazje der ûnder bouwe, sa dogge se dat yn Amsterdam ek, oeral in garaazje.

Dat geseur mei dat der gjin auto's dat eilân op meie, moat dan ek mar út wêze. Je nimme toerisme serieus of net. Der wiene ea plannen om in autodyk nei It Amelân oan te lizzen; no, ast twa brechjes boust tusken Flylân en Texel en Texel en Den Helder, dan kinne se fan ôf Schiphol yn ien kear trochrauze nei Grand Stortemelk. Hjir moatte we even trochpakke. Opskale.

Bou de Vliehors hielendal fol mei hotels, nee, neam dat fuortendaliks mar 'resorts'. Want yn april wol der fansels gjin inkelde globetrotter yn in tintsje op Stortemelk sitte. Dat gerûs fan 'e weagen kin ek gewoan út speakers komme. Witte dy toeristen folle. BMW bout yn harren sportive auto's al jierren in systeem yn wêrmei motorgegrom oer de speakers fan de auto komt. Prima systeem. Ik bin der ek foar om dat op it sirkwy fan Zandvoort yn te setten trouwens: lit dy koereurs dêr mar mei elektryske auto's ride, dan sette we wol in aardige lûdsynstallaasje del foar it publyk. De trochwintere echte Lonely Planet-gasten ferwachtsje wier net mear dat se eat autentyks meimeitsje.

No't ik der oer neitink: de plannen om Schiphol yn see oan te lizzen, binne sa min noch net. Mar dat hoecht net langer foar de kust op 'e hichte fan Amsterdam, mar dat kin moai yn it Waad neist Flylân. Oh ik hear it al, "en it miljeu dan"? Sjoch, Johannes Kramer is oant 6 jannewaris noch deputearre en mei him kinst alle kanten op wat dit oanbelanget, dus ik soe sizze, meitsje dêr gebrûk fan. Dat der yn Fryslân alderaardichst buorke wurdt, is skattich, mar dêr winne we de oarloch net mei. Alle ballen op it toerisme, tink grut, grutter, grutst.

Ja, ik snap it wol, it is wat pynlik. Amsterdam is mei al dat toerisme ek feroare yn in hell hole; it lûd fan rolkoffers oerstiget it gesjong yn 'e Jordaan al lang, de âlde binnenstêd is in no-go area foar elkenien dy't yn bytsje minskweardich troch it libben wol, en fan elke twa pannen is der ien feroare yn in hotel. Toeristen besjogge inoar mear as de stêd, mar kom op sis. It is hast 2020 en we ha gjin tiid mear foar dit soarte sentiminten. We moatte om. En as der ien provinsje is dy't ferstân fan toerisme hat, dan is it Fryslân wol.

Lonely Planet hat de bal foar it doel lein, en no is it in kwestje fan 'm der yn traapje. We moatte Flylân offerje, oan 'e goaden fan it toerisme. De debylste sektor op 'e wrâld, dreaun troch in loftfeart sûnder beheiningen, in yndustry net hâlden oan maksima fan stikstofútstjit, sûnder regels oplizzend ministearje, sûnder serieus belied fan in oerheid. Doch dyn foardiel der mei, Fryslân. No kin it noch.

En as we ús nocht der fan krije, kinne we altyd noch de fleanbasis freegje om wer ien fan harren tradisjonele presyzjebombardeminten út te fieren."

(advertinsje)
(advertinsje)