Zembla: 'Unfeilige farrûte wie oarsaak fan kontenerramp mei MSC Zoe'

24 okt 2019 - 17:32

Bemanningsleden fan MSC Zoe wienen benaud foar har libben doe't it skip begjin jannewaris de boaiem fan de Noardsee rekke. Dat konkludearje saakkundigen yn it telefyzjeprogramma Zembla op grûn fan in rekonstruksje. Dêrút docht bliken dat de MSC Zoe mear as tritich graden slachside makke doe't it 342 seekonteners ferlear.

"Het schip is zestig meter breed. Met dertig graden slagzij neemt de diepgang zeker met 15 meter toe. Dan moet ie 'gestoten' hebben, de grond hebben geraakt." Dat konkludearret Klaas Reinigert, âld-direkteur fan bergingsbedriuw Smit Tak en earder adviseur fan de Onderzoeksraad voor de Veiligheid.

Ald-loads Gerrit Terpstra ûnderskriuwt de konklúzje: "Ik denk dat door de weersomstandigheden en de extreme slingeringen, het schip de bodem heeft geraakt." Hy wiist op de ûndjipten yn de rûte dy't de MSC Zoe fear, benammen boppe Skylge: "Er zijn daar stukken van maar 17 meter diep en zelfs van 16,4."

Slachside

Ut ûndersyk fan Zembla hat bliken dien de Zoe mei in djipgong fan 12,7 meter troch de ûndjippe súdlike rûte boppe it Waad fear. Troch it waar fan doe, noardwesterstoarm wynkrêft 8, makke it skip slachside. Ut meardere boarnen blykt dat dy oprûn oant mear as tritich graden. De romp fan de Zoe kaam dêrtroch meters djipper te lizzen, wêrtroch't it skip neffens saakkundigen de seeboaiem rekke. Se ferwize nei in tabel yn de Passage Planning Guide, in nautysk standertwurk fan Witherby's út Edinburgh. Dêrút blykt dat de djipgong fan in skip as de Zoe by slachside mei meters tanimt.

Foto: Onderzoeksraad voor Veiligheid

De Onderzoeksraad voor de Veiligheid (OVV) en it Iepenbier Ministearje (IM) ûndersykje de tadracht. Nei alle gedachten komme se begjin takom jier mei har rapport. Beide ynstânsjes komme net it telefyzjeprogramma oan it wurd, mar ien belutsen ûndersiker befêstiget yn de útstjoering: "Aan een instrument op de brug was te zien dat het schip meer dan dertig graden slagzij had gemaakt."

Rûte

Kontenerskippen as de MSC Zoe kinne ûnderweis nei de Dútske havens kieze út de noardlike 'djipwetter rûte' en in ûndjippere súdlike rûte dy't ticht by de Waadeilannen giet. Frachtskippen nimme standert de súdlike want dy is koarter. Neffens bergingsekspert Klaas Reinigert kin dat no feroarje: "Als het schip de grond geraakt heeft, dan is misschien die route niet meer veilig."

Rederij MSC ûntkent dat de MSC Zoe de seeboaiem rekke hat. Wol stjoert de rederij de kontenerskippen no oer de noardlike rûte. Oer dy kar seit in wurdfierder: "In afwachting van de onderzoeken kiest MSC er vrijwillig voor om de noordelijke route te nemen, ondanks dat we de zuidelijke als veilig beschouwen."

Sommige bemanningsleden hebben doodsangsten uitgestaan.

Andreas Latz, geastlik fersoarger

De programmamakers ha kontakt hân mei bemanningsleden fan de MSC Zoe. Ien fertelt dat it skip mear as tritich graden slachside makke op de jûn fan de ramp: "Twee of drie keer rolden we heel heftig, zo'n vijfendertig graden. Ik was bang om dood te gaan."

Andreas Latz, geastlik fersoarger fan it seemanshûs yn Bremerhaven, wie oan board doe't it skip yn Bremerhaven lei: "Ze waren opgelucht dat er geen gewonden waren gevallen. Sommige bemanningsleden hebben doodsangsten uitgestaan. Ze zeiden tegen me dat ze die nacht een paar keer dachten dat ze de dageraad niet meer zouden zien." Bemanningsleden seinen ek tsjin him dat de Zoe mear as tritich graden slachside makke.

Foto: Kustwacht Nederland

Ferslachjouwer Bart Nijpels fan Zembla oer de MSC Zoe

Rekonstruksje

Yn it earste diel kaam Zembla twa wiken lyn mei it nijs dat de 'black box' fan it kontenerskip MCS Zoe defekt wêze soe. In Dútske haventsjinst hat konstatearre dat de 'Voyage Data Recorder' fan it skip net mear wurke. Lykas de black box fan in fleantúch soe dizze Data Recorder objektyf ynformaasje opslaan moatte oer de reis.

Ek kaam Zembla doe mei it nijs fan in rapport fan de Dútske havenynspeksje. Dêryn waard konstatearre dat de MSC Zoe skea oan de romp hie dy't fan 'invloed was op de zeewaardigheid'. De organisaasje wol net sizze oft dy ûntstien is om't it skip de seeboaiem rekke hat.

Yn it twadde diel fan 'De ramp op het Wad' rekonstruearret Zembla de reis fan de MSC Zoe fan Sines (Portugal) nei einbestimming Bremerhaven. De redaksje frege de 'Automatic Identification System' (AIS) op. Dat binne data oer de lokaasje, koers en snelheid fan it skip. Dêrneist rieplachte de redaksje databases fan Rijkswaterstaat en offisjele seekaarten foar ynformaasje oer it waar, hichte fan de weagen en de seedjipte dêr't it skip dy nacht mei te krijen hie.

De útstjoering fan Zembla is tongersdei om 21.15 oere op NPO 2.

Lês al ús eardere berjochten oer de kontenerramp op ús dossierside.

Trefwurden: 
MSC Zoe kontenerramp Zembla
(advertinsje)
(advertinsje)