Stefan van der Pal leit foar op skema en tinkt 100 km al yn 30 oeren te swimmen

Fan wurgens is by ultra-atleet Stefan van der Pal neat te fernimmen. Hy ferwachtet tongersdeitemiddei tusken 13.00 en 14.00 al de magyske grins fan hûndert kilometer te berikken yn swimbad It Kealledykje. Dat er nei 30 oeren swimmen de 100-kilometergrins hellet, is boppe ferwachting.
© Omrop Fryslân
De Ljouwerter ultra-atleet is moandei mei syn training begûn. Hy swimt acht oeren deis om te oefenjen foar de Alvestêdetocht. It giet dus better as er tocht hie. "Natuurlijk zijn er klachten van de schouders, ellebogen, onderrug en schuurplekken." Dêr krijt er help fan de fysio by.
Hy hat ek stipe fan meiswimmers, dêr't er wiis mei is. "Vandaag waren er 5 vrienden die een aantal kilometers hebben meegezwommen. Dat motiveert ondanks dat sommige mensen harder of langzamer gaan."
Van der Pal wol de Alvestêdetocht yn de simmer takom jier swimme. It bûtenwetter is no te kâld om te trainen, dus dêrom is er nei it swimbad útwykt.