Hoanne komt nei restauraasje werom op Ryptsjerkster tsjerketoer

23 okt 2019 - 21:26

De restauraasje fan de Ryptsjerkster tsjerketoer is hast klear. Mei it werompleatsen fan de hoanne op de tsjerketoer tongersdei wurdt it boukundige part ôfsletten. De hoanne wie der al in pear moannen ôf om't neist de toer ek de klok en de hoanne restaurearre waard.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

De tsjerke is boud yn 1757, en de klok is noch âlder, dy is makke yn 1546. De klok wurdt yn desimber pleatst, dy is no noch yn Dútslân dêr't er opknapt wurdt. De toer wie der min oan ta, sa is ûnder oaren de draachkonstruksje reparearre.

De minne steat kaam oan it ljocht troch it goede gehoar fan in tal ynwenners. Oan it lûd fan de klok koene se hearre dat der wat oan de hân wie mei de toer.

It hiele projekt hat sa'n 120.000 euro koste, byinoar brocht troch de 'Stichting Behoud Monumenten in de gemeente Tytsjerksteradiel'.

Arjen van der Schaaf, foarsitter fan de stichting

Trefwurden: 
hoanne Ryptsjerk tsjerketoer
(advertinsje)
(advertinsje)