Fytster slim ferwûne by ûngelok yn Kollumersweach
Yn Kollumersweach is woansdei oan it begjin fan de jûn op it Wyldpaed Oast in fytster oanriden troch in auto. Twa ambulânses en in traumahelikopter binne oproppen.
It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs yn Grins.
De dyk wie ôfset en de plysje hat ûndersyk nei it ûngelok dien.