Arriva set 'Thialf Express' yn by fiif grutte reedrydwedstriden

23 okt 2019 - 20:59

Streekrjocht mei de bus fan busstasjon op It Hearrenfean nei Thialf kin tenei by de fiif grutte reedrydeveneminten. Busferfierder Arriva set de Thialf Express yn. Dy begjint op 1 novimber by it World Cup kwalifikaasjetoernoai.

Foto: Arriva

Mei de nije Express is it iisstadion better berikber mei it iepenbier ferfier. De line slút oan op de intercity's fan NS op stasjon Hearrenfean.

De Express rydt ek by de KPN NK ôfstannen (27-29 desimber), ISU EK ôfstannen (10-12 jannewaris), KPN NK allround & sprint (25-26 jannewaris) en de ISU World Cup finale (7-8 maart).

De bus rydt elk healoere tusken busstasjon Hearrenfean en de reguliere bushalte by Thialf. De Thialf Express rydt oardel oere foarôfgeand oan de wedstriid oant oardeloere nei ôfrin fan de lêste wedstriid.

(advertinsje)
(advertinsje)