FIDEO: IepenUP Live mei spesjale teäteredysje 'Niet meer alleen'

23 okt 2019 - 19:45

Dosinte Gryksk en Latyn Ninah Tiemersma út Ljouwert hat in teäterstik makke oer har libben en PTSS (post-traumatische stressstoornis). Yn 'Niet meer alleen' giet se op syk nei de ferbining tusken har eigen libben en trauma's mei dy fan de froulju yn Grykske trageedzjes. Dizze spesjale teäteredysje fan IepenUP Live biedt in poadium oan har foarstelling.

"Vandaag is je laatste dag, geniet er maar van", dat hearde Ninah Tiemersma fan har heit doe't se noch net iens tsien jier âld wie. Sy en har mem giene fuort by har ferslave heit doe't se acht wie. Dêrnei waarden se jierren lang alle dagen troch him bedrige.

Hoe giest dêr mei om as jong bern? Net dus. Op har tsiende waard der by har PTSS fêststeld. Drege jierren folgen en se wie sels suïsidaal. Oant se de trageedzjes en toanielstikken út de Grykske Aldheid ûntduts en dêr froulju yn tsjinkaam, dy't krekt as har te faak en te folle bleatsteld waarden oan geweld.

De trageedzje waard har remeedzje, se skreau der har proefskrift oer en no it toanielstik 'Niet meer alleen'. Dêryn ferbynt se har ûnderfiningen oan de Grykske Aldheid ta in nij ferhaal. Har ferhaal fan it oerein wrakseljen en omgean mei har eigen tragyske skiednis.

Earder die Ninah har ferhaal ek yn Buro de Vries.

IepenUP Live wurdt alle woansdeis útstjoerd út Neushoorn wei yn Ljouwert. Belangstellenden binne wolkom fan 19.30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen fia in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)