Soad belangstelling foar funksje fan berneboargemaster yn Noardeast-Fryslân

Mear as 40 bern wolle berneboargemaster fan Noardeast-Fryslân wurde. It giet om 25 famkes dy't har oanmeld hawwe foar de funksje en 18 jonges. Sy moatte no earst in filmke meitsje oer wat sy graach oars ha wolle foar in leuke takomst yn har doarp of stêd.
© Noardeast-Fryslân
Boargemaster Hayo Apotheker en twa riedslieden kieze dêr tsien kandidaten út dy't harsels presintearje moatte op in byienkomst op 6 novimber.
De winner wurdt in dei letter ynstallearre yn in riedsgearkomste fan Noardeast-Fryslân.
De berneboargemaster sil ûnder oare oanwêzich wêze by eveneminten yn de gemeente, mar kin ek iepeningen of taspraken dwaan.