Harns docht ûndersyk om ta minder ôffal te kommen

23 okt 2019 - 18:27

Yn de gemeente Harns komt in ûndersyk nei hoe't ynwenners minder rêstôffal oerhâlde kinne. Dat ûndersyk is yn gearwurking mei de universiteit fan Tilburg. Offalbedriuw Omrin is der ek by belutsen.

Foto: Omrop Fryslân

"We willen onderzoeken hoe we het gedrag, onbewust of bewust, van Harlingers kunnen beïnvloeden zodat we minder minder afval produceren en meer gaan hergebruiken", leit Jelmar Helmhout fan Omrin út. "De komende maand volgt een nulmeting en in januari starten we het onderzoek."

Se wurkje gear mei de universiteit fan Tilburg om't dy dêr ûnderfining mei hawwe. "Ze hebben ook in andere steden het onderzoek gedaan en kunnen de strenge privacyregels bewaken en gegevens goed verwerken."

De proef is op frijwillige basis. "In december schrijven we de burgers aan met de vraag of ze mee willen doen." Om't in soad Harnzers de ôffalapp al brûke, ferwachtet Helmhout foldwaande dielname foar it ûndersyk.

Takom jier moat it ôffal in stik minder wêze, dat wol it Ryk. Doel is 100 kilo it jier de persoan. Dêrfan moat 75 prosint skieden wurde. It Noarden docht it al boppegemiddeld goed. Mei dit ûndersyk wurdt sjoen wat better kin.

Ynwenners mei in ûndergrûnske restôffal konteners kinne net meidwaan oan de proef.

Jelmar Helmhout fan Omrin

Trefwurden: 
proef Harns Omrin restôffal
(advertinsje)
(advertinsje)