Nij projekt fan start foar skjinner wetter om lânboubedriuwen hinne
Bouboeren moatte minder smoarch wetter ôffiere nei sleatten. Dat is it doel fan it nije projekt 'Skjin hiem, skjin wetter', dat woansdei fan start gien is op in pleats yn Hallum.
In groep Fryske melkfeehâlders is al langer dwaande om derfoar te soargjen dat der sa min mooglik fersmoarge wetter fan it hiem ôf de sleatten yn spielt. Ferskate partijen ha woansdeitemiddei yn Hallum har hântekening set ûnder in projekt, om derfoar te soargjen dat ek bouboeren minder smoarch wetter ôffiere.
Op it hiem fan bouboer Van Gunst-Boersma yn Hallum ha de LTO, de Agraryske Jongerein Fryslân, it Wetterskip en de Nederlânske Ikkerbou Fakbûn in yntinsjeferklearring tekene.
Earder waard dizze ferklearring ek al ûndertekene út de melkfeehâlderijen wei. Yn de takomst sil der subsydzje beskikber wêze foar bouboeren dy't meidwaan wolle oan dit projekt.
Troch it projekt wurde sleatten om de melkfeebedriuwen skjinner. Dat wie foar de ferskate partijen reden om dit projekt ek foar bouboeren op te setten.