FIDEO: Twadde dei fan grutskalige kontrôle op Waadsee

Foar de twadde dei op rige hat der woansdei in grutskalige kontrôle op de Waadsee plakfûn. De kontrôle waard dien troch in gearwurkingsferbân fan ûnder oare Rykswettersteat, de lanlike plysje en de provinsjes Fryslân en Grinslân.
Waadkontrôle
De ynstânsjes wolle sjen oft brûkers fan it Waadgebiet har hâlde oan de regels dy't dêr jilde. Bygelyks de regels omtrint fisknetten of stiltegebieten. Mar it is net allinnich de beropsfeart dy't in kontrôle krijt.
Tiisdei waard der ek al in grutte kontrôle op it Waad útfierd.