FIDEO: Fryske dûnsskoalle DIF docht mei oan WK yn Amearika

Dûnsskoalle DIF, Dansen in Friesland, docht mei oan it wrâldkampioenskip yn Orlando yn Amearika. It dûnsteam wist him te kwalifisearjen op it EK yn Düsseldorf en dêrmei komt in dream út foar de dûnsers.
DIF nei Amearika
Se meitsje harren no klear foar it WK takom jier april, mar dêr is noch in soad jild foar nedich. De dûnsskoalle sil ferskate aksjes hâlde om jild op te heljen en se sykje noch bedriuwen om it team te sponsorjen.
DIF is aktyf yn hiel Fryslân, de haadlokaasjes binne yn Akkrum en Ljouwert.