F-35 komt nije wike; definsje fiert dat mei in fly-by

De komst fan de allerearste Nederlânske F-35 nei de fleanbasis fan Ljouwert wurdt nije wike tongersdei fuortendalik fierd mei in fly-by, dêr't ek de foargongers fan it nije fleantúch oan meidogge. De F-35 wurdt ek wol JSF neamd.
© Omrop Fryslân
Dat hat de fleanbasis yn Ljouwert bekend makke. De F-35 wie al earder yn Ljouwert foar in test en belibbingsflecht, mar it tastel dat nije wike komt, wurdt echt stasjonearre yn Ljouwert.
De fleanbasis sprekt fan in histoarysk momint, om't it 70 jier lyn is dat it earste jachtfleantúch yn Ljouwert kaam. De fly-by mei de F-35 en de foargongers sil healwei de middei hâlden wurde.
De ferwachting is dat der in protte publyk op ôf komme sil. Dêrom binne yn de buert fan de fleanbasis spesjale ferkearsmaatregels nommen. Sa binne der spesjale spottersplakken en parkearplakken ynrjochte.

"We kijken er echt naar uit"

"We kijken er echt naar uit," seit Arnoud Stallmann, kommandant fan de fleanbasis. "We vieren de komst met de F-35 met gasten, mensen van defensie en politiek en omwonenden. Er komen 2.500 gasten."
It is in bysûnder jier, want fjirtich jier lyn kaam de earste F-16 oan.
De F-35 makket earst in rûntsje foar de leafhawwers en sil dan lânje. Op de spottersbulten ferwachtet de kommandant in soad leafhawwers. "We hebben ervaring met drukte bij Frisian Flag, dus weten wat we moeten doen. Er zijn verkeersregelaars en parkeerplekken. Als mensen luisteren naar de aanwijzingen kunnen we het goed aan."
Arnoud Stallmann