Bonken en skeletten fûn yn Ljouwert by kabelwurksumheden

By kabelwurksumheden oan it Droevendal yn Ljouwert binne in grut tal bonken, skeletten en grêfkisten fûn. Earder op dat plak hat dêr in tsjerkhôf west. Dat hearde yn de 16de iuw by in Fransiskaner kleaster. Archeologen ûndersykje de fynsten.
Bonken en skeletten yn Ljouwert
By it ferfangen fan de kabels kamen de wurklju tiisdei al in hiele kiste tsjin mei ynhâld. Dêr seagen se bot fan op. De plysje waard ynskeakele, de KPN en de gemeente op de hichte brocht en doe kamen ek de archeologen fan MUG Ingenieursbureau. Ek woansdei binne wer ferskillende kisten en bonken fûn.
It begraafplak hearde by in Fransiskaner kleaster dat yn de 16de iuw in skoft yn funksje wie. Der binne hjir al earder minsklike resten fûn by de oanlis fan de kabels.
Archeologysk ûndersyk kin in soad ynformaasje oer de minsken jaan. De kâns is grut dat der noch mear fûn wurdt. Dêrtroch kin it wurk oan de kabels fertraging oprinne.
In part fan in skelet yn in kiste © Ronnie Porte