Lange file op de A7 by Fryske Peallen nei iensidich ûngelok

Op de A7 by Drachten yn de rjochting nei Grins stie woansdei ein fan de middei in file fan goed 8 kilometer. It gie om it stik by de provinsjegrins, yn de buert fan Fryske Peallen. Fan ôfslach Drachten Haven stie it stil.
© De Vries Media
Oarsaak wie in iensidich ûngelok, in auto wie yn de fangrail riden. Der wienen twa rydstroken ticht.
De fertraging wie sa'n healoere. Amblânses wienen derby om minsken te helpen.
UPDATE: Om kertier oer fiven is de dyk wer frijjûn. De file is noch 6 kilometer, mar dat sil rap minder wurde.