Marifoanblokkearder meldt him; probleem is oplost

23 okt 2019 - 16:41

It probleem mei it marifoanferkear tusken skippen by Skylge en Flylân is oplost. Earder op de dei kaam nei bûten dat mooglik in skipper, dy't nei Omrop Fryslân radio harke, foar de steuring op it kanaal soarge. De ferkearslieders fan de Brandaris op Skylge kamen mei de oprop oan omropharkers mei in marifoan, om har apparatuer te kontrolearjen.

Skylge - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Nei de oprop fan ferkearslieder Peter van de Linde fan de Brandaris op Omrop Fryslân radio tocht de frou fan in skipper: "dat koe myn man wolris wêze". Se naam kontakt op mei him en attindearre him op de opmerklike oprop.

Wat wie no it gefal?

De marifoan kin op twa saken betsjinne wurde, mei in knop of mei in foetpedaal. Yn dit gefal gong it om in marifoan mei sa'n foetpedaal. Nei alle gedachten is dêr wat opfallen of is it pedaal klem rekke.

Sa kaam it dat it kanaal dat skippen brûke om mei elkoar te kommunisearjen, hieltyd blokkearre bleau en dat skippen net mei elkoar kommunisearje koenen.

As de knop op te praten loslitten wurdt, jout de marifoan in koade troch, mar dat barde dus ek net om't de knop almar yndrukt bleau. Sa koe de Brandaris net achterhelje wa't de blokkade feroarsake.

De skipper hat de 'blokkade' opheft en ek al kontakt socht mei de Brandaris. Hy hat syn ekskús oanbean.

Trefwurden: 
skip Brandaris marifoan
(advertinsje)
(advertinsje)