Ljouwerter frijsprutsen foar hasjfynst fan 500 kilo

In 38-jierrige ynwenner fan Ljouwert is woansdei troch de rjochter frijsprutsen fan in hasjfynst fan 500 kilo. Earder hie it Iepenbier Ministearje ek al it fersyk dien om de man frij te sprekken.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De man wie yn july 2017 mei trije oaren yn in loads oan de Giek yn Drachten. Se wienen dwaande mei in frachtweintrailer mei Russysk kenteken, dêr't de 500 kilo hasj, mei in strjitwearde fan hast 5 miljoen, ûnder ferstoppe siet yn kokers.
De Ljouwerter sei dat er dêr as in soarte fan oppasser wie en lykas de oaren net wist fan de drugs. De oare trije mannen binne frijsprutsen om't neffens de rjochtbank oan de bûtenkant net te sjen wie dat der hasj yn de kokers siet.
In speurhûn ûntduts de hasj. De plysje hie net kontrolearre dat de mannen yn de loads de wein oan it reparearjen wienen, sa't se seinen. Neffens de rjochtbank koe har ferhaal 'niet als ongeloofwaardig terzijde worden geschoven'. Dêrom is ek de Ljouwerter frijsprutsen.