Emansipaasjekuier fertelt oer strjitnammen yn Skoatterwâld

23 okt 2019 - 15:31

De Aletta Jacobswei, Anna Klompéwei, Nienke van Hichtumwei: se binne allegearre te finen yn de wyk Skoatterwâld op It Hearrenfean. De strjitten binne neamd nei fjirtjin minsken dy't in wichtige rol spile ha yn de Fryske skiednis. Om de ferhalen te fertellen by de strjitten en de persoanen dêr't se nei neamd binne, is in spesjale rûte makke.

'Emancipatie in 14 verhalen'

It inisjatyf komt fan D66-riedslid fan Hearrenfean Ojanne de Vries en Freja van der Zee. Dy lêste hat in saneamd 'Geschiedenisburo'. Se betochten in rûte mei de namme 'Emancipatie in 14 verhalen'. Reden is dat se omtinken freegje wolle foar de persoanen efter de strjitnammen yn Skoatterwâld.

Yn de wyk hawwe de strjitten nammen as Domela Nieuwenhuiswei of Anna Giezenwei. It binne nammen fan manlju en froulju dy't har ynsetten foar de gelikense rjochten fan froulju of arbeiders.

Inisjatyfnimmers Ojanne de Vries en Freja van der Zee by de Aletta Jacobswei - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Ynformaasjekaarten

Om de kuiertocht te folgjen, kinne minsken gebrûk meitsje fan in set ynformaasjekaarten. Op dy kaarten wurdt útlein wa't de persoanen binne efter de strjitnammen. "Wy fine dat dy nammen omtinken fertsjinje. Benammen de ferhalen der efter. Dêrom ha wy dizze rûte betocht", leit Freja van der Zee út.

"De route is 2,5 kilometer lang. Helemaal in het jaar dat vrouwen 100 jaar stemrecht hebben is deze route een mooi middel om te vertellen over de personen die zo belangrijk zijn", fertelt Ojanne de Vries.

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Timo Jepkema rint in stik fan de emansipaasjekuier (1)

Ferslachjouwer Timo Jepkema rint in stik fan de emansipaasjekuier (2)

(advertinsje)
(advertinsje)