Festival Into The Void wol edysje 2020 mei crowdfunding rûnkrije

It Ljouwerter festival Into The Void ropt de help fan it publyk yn. Mei crowdfunding wolle se it festival, dat him rjochtet op de muzyksoarten stoner, sludge, doom en black metal, ek takom jier wer organisearje.
© Into The Void
It festival belibbe it ôfrûne wykein de njoggende edysje, mar it wurdt de lêste jierren hieltyd lestiger om it te organisearjen, om't der mear konkurrinsje fan oare festivals is. Dêrneist wurde bands djoerder en krijt de organisaasje gjin subsydzje mear.
Dêrom docht de organisaasje no in berop op it eigen publyk. Mei de crowdfunding hoopje se nije ynvestearders oan te lûken. Om takom jier ek wer it festival te hâlden, wolle se 20.000 euro ophelje.
Belangstellenden kinne in kaartsje keapje fia de webside. As se mear betelje, krije se in spesjaal festivalshirt en in poster dêr't in beheinde oplage fan is. Foar noch mear jild is backstage-tagong mooglik.