HEA! Houten spoarbaan ûnder hannen

23 okt 2019 - 14:42

Frijwilligers fan it Nationaal Modelspoor Museum yn Snits binne de hiele moanne yn it spier om in fyftjin meter lange houten spoarbaan mei treintsjes op te knappen. It museum krige de baan skonken fan KidsProject, dat de trein útstalde op plakken dêr't (sike) bern komme. It museum nimt net allinnich de kolleksje, mar ek dy aktiviteiten oer.

(advertinsje)
(advertinsje)