Brandaris Skylge: Omropharker blokkearret marifoanferkear

It marifoanferkear tusken skippen by Skylge en Flylân is woansdeitemiddei blokkearre, nei alle gedachten troch in skipper dy't Omrop Fryslân oanstean hat. Ferkearslieder Peter van de Linde fan de Brandaris die dêrom woansdeitemiddei in bysûndere oprop op de radio.
Skylge © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
"Op de achtergrond is het geluid van Omrop Fryslân te horen. Dat doet ons vermoeden dat de schipper de radio heeft aanstaan. Hierbij de oproep aan allen op het water om de zendapparatuur te controleren." It giet om VHF-kanaal 2 dat blokkearre is, mooglik troch in skipper dy't de marifoan oanstean litten hat. Dit kanaal wurdt brûkt troch skippen om ûnderling te kommunisearjen. Van de Linde: "Door de blokkade van de marifoon kunnen aanvaringen ontstaan als schepen elkaar niet kunnen waarschuwen."
In needoplossing is der neffens Van de Linde net. "Schepen communiceren met elkaar via dit kanaal. Ze worden niet automatisch doorgestuurd naar een ander kanaal." Op de Brandaris is in mjitting útfierd om te sjen wêr't it sinjaal fan de blokkearjende marifoan weikomt. "Wij vermoeden dat deze zender zich in zuidelijke richting bevindt, tussen Terschelling en Den Oever."
Gewoanwei is in marifoanstjoerder mei in koade te efterheljen, mar yn dit gefal slagget dat net. As de blokkade langer duorret, sil in oar skip frege wurde om ek op syk te gean nei it sinjaal fan de marifoan, om sa mei in krúsmjitting de eksakte lokaasje te efterheljen. Dan moat it útstjoerende skip troch in oar skip benadere wurde, om de marifoan út te setten.
Agentschap Telecom is der ek fan op de hichte en sil mjittingen dwaan.
It bart faker dat de marifoan net goed weromhongen wurdt, wêrtroch't de kommunikaasje foar in part platleit.
Ferkearslieder Peter van de Linde fan de Brandaris