Verbeek pakt mei Adelaide United de Australyske beker

23 okt 2019 - 14:09

Gertjan Verbeek hat woansdei mei syn klup Adelaide United de Australyske beker wûn. Yn de finale wie syn ploech mei 4-0 in maatsje te grut foar Melbournbe City FC.

Foto: ANP

Spits Alhassan Toure iepene nei 25 minuten de skoare. Nei it skoft rûn de ploech fan Verbeek út nei in romme oerwinning. De bekerwinst komt op in goed momint, omdat Verbeek en syn assistint Gerald Sibon de Australyske kompetysje úteinset wiene mei twa ferliespartijen.

It is foar de tredde kear dat Adelaide United beslach leit op de beker.

Twadde beker

It is foar Verbeek syn twadde haadpriis yn syn trainerskarriêre. Yn 2013 wûn hy mei AZ de KNVB beker. Gerald Sibon wie yn 2009 de 'gevierde' man by SC Hearrenfean doe't hy yn de bekerfinale tsjin FC Twente de beslissende strafskop binnenskeat.

(advertinsje)
(advertinsje)