Lilke boeren út Noard-Hollân wolle har oanslute by Fryslân

23 okt 2019 - 13:22

Boeren út Noard-Hollân wolle kommende freed in ludike protestaksje hâlde op de Ofslútdyk. Se binne sa ûntefreden oer de stikstofmaatregels fan harren provinsje, dat se harren ôfskiede wolle en oanslute wolle by Fryslân. Der is sels in boargerinisjatyf opsetten, om hantekens op te heljen.

Boereprotest Noard-Hollân

By it pompstasjon op de Ofslútdyk by Breezanddijk moat der freed om ien oere in symboalyske oerdracht fan Fryske flaggen wêze. Inisjatyfnimmer Rob Smit út Wieringerwerf seit dat in groep Noard-Hollânske boeren mei de trekker nei de Ofslútdyk ride wol. Ut Fryslân wei komt der ek in groep boeren en op de helte fan de Ofslútdyk sille se inoar moetsje.

Boer Rob Smit út Wieringerwerf - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Smit: "We hebben meer vlaggen nodig, want de Friese vlag raakt op hier in Noord-Holland. Iedereen is zeer enthousiast. En we willen daar een voorlopige voorsteloverdracht gaan tekenen. In het verdrag moet staan dat wij de provincie Noord-Holland bij Friesland willen voegen, zonder Haarlem en Amsterdam." Neffens Smit ha de minsken yn dy stêden totaal gjin doel oer de rest fan Noard-Hollân.

Poerlilk

De aksje is ludyk, mar de boeren binne poerlilk, seit Smit. "We zijn inderdaad echt kwaad, want wij voelen ons totaal niet serieus genomen door de politiek hier. Wij worden niet gehoord, er wordt niet naar ons geluisterd, er wordt een spelletje met ons gespeeld." Neffens Smit is it net de bedoeling om de Ofslútdyk te blokkearjen. "We gaan achter elkaar rijden. Het is een burgervriendelijk initiatief, geen afsluiting. Wij willen het gewoon netjes houden."

Farmers Defence Force stipet de aksje. Jitty van der Werf fan de aksjegroep hat al minimaal 25 boeren fûn dy't út Fryslân wei mei in Fryske flagge nei de Ofslútdyk ride wolle. "En hoe mear boeren, hoe better." Ek Van der Werf seit, dat it net de bedoeling is dat it ferkear oerlêst ûnderfynt fan de aksje. "Allinnich dat kinne wy net 100 prosint foarkomme. Wy steane ek oan de side fan de boargers natuerlik, mar bepaalde dingen kinne we net útslute. It is echt in last minute ludike aksje en wy probearje dit gehiel 'publieksvriendelijk' dwaan te litten."

Boer Rob Smit út Wieringerwerf en Jitty van der Werf fan Farmers Defence Force oer de ludike protestaksje

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust gie yn Wieringerwerf de strjitte op om te freegjen oft se wier by Fryslân hearre wolle

(Advertinsje)
(Advertinsje)