Trekkers net mear tastien op Malieveld yn Den Haag

De gemeente Den Haag wol net langer trekkers en oar swier materieel op it Malieveld tastean.
Fryske boeren op it Malieveld © Omrop Fryslân, Marjelle Boorsma
De gemeente hat it beslút naam, om't der in parkeargaraazje ûnder it fjild sit. Hjir meie mar in beheind tal swiere foertugen op stean.
By de ôfrûne demonstraasjes yn Den Haag kamen boeren manmachtich mei harren trekkers en grut materiaal nei it fjild. Dit sil tenei net mear meie.